Jeroen de Vries fyfde yn Utrecht

14 des 2003 - 00:00

Maratonrider Jeroen de Vries fan Sint Nyk stiet noch hieltyd twadde yn it klassemint fan de Greenery- seisdagemaraton. De Vries einige sneon by de wedstriid yn Utrecht op it fyfde plak.

De achterstân op de nûmer ien, de Amearikaan KC Boutiette, wurdt wol hieltyd grutter. Boutiette hat 21 punten mear as De Vries. De maraton wurdt snein ôfsletten mei in wedstriid yn Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)