Jeroen de Vries 2e yn Amsterdam

11 jan 2004 - 00:00

Jeroen de Vries fan Sint Nyk is sneontejûn yn Amsterdam twadde wurden by de 14e maraton om de KNSB/Essent-beker. Foar de einstreek ûntstie in kopgroep fan 13 reedriders.

Arjan Smit fan Nijeveen waard earste. Bert Jan van der Veen fan De Jouwer kaam as fjirde oer de finish. De nûmers 5 en 6 wiene Peter de Vries fan It Hearrenfean en Ruud Borst fan Sint Nyk. Yn it klassemint stiet Jan Maarten Heideman no boppe-oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)