Jeroen de Vos wint by Heech

11 aug 2004 - 16:23

De tredde wedstriid fan it IFKS- skûtsjesilen tiisdei by Heech is wûn troch Jeroen de Vos mei de Eelkje II. Twadde waard Sieb Meyer mei de Jonge Jasper en tredde Tony Brundel mei de Lytse Lies. It waaide hurd op 'e Hegemermar en fjouwer skûtsjes lutsen de reade protestflagge.

No't de kampioen fan foarich jier Eelke Dykstra net mear meidocht, binne de earste trije fan tiisdei mei Peter de Koe de grutte kandidaten foar de titel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)