Jergé Hoefdraad skuort achillespees

16 apr 2015 - 10:05
  • SC Cambuur

Sportklup Cambuur kin nei alle gedachten pas letter beskikke oer fuotballer Jergé Hoefdraad. De fleugeloanfaller soe de kommende simmer oerkomme fan Almere City nei Cambuur, mar hy hat dizze wike by in trening syn haksine (achillespees) ôfskuord.

Hoefdraad wurdt op koarte termyn opereard oan syn haksine. Dêrnei moat er revalidearje. De ferwachting is dat dat op syn minst in healjier duorje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)