Jensen nei Werder Bremen

19 jul 2004 - 16:52

De Deenske ynternasjonal Daniel Jensen fuotballet dit seizoen foar it Dútske Werder Bremen. De 25-jierrige middenfjilder út Kopenhagen tekene in kontrakt foar fjouwer jier.

Jensen kaam it ôfrûne seizoen út foar it Spaanske Real Murcia. Dêrfoar wie er aktyf by SC Heerenveen. Hy spile fiif seizoenen by de Fryske klub en makke yn dy perioade 16 doelpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)