Jens Jepkema (11) fynt earste ljipaai fan Littenseradiel

23 mrt 2016 - 14:48
  • Jens by de loko-boargemaster

Jens Jepkema út Húns hat snein it earste ljipaai fan Littenseradiel fûn. De 11-jierrige Jens seach it aai, dat diel útmakke fan in broedsje, yn it lân fan syn pake. Op dat lân wurdt al in pear jier ekstra rekken hâlden mei greidefûgels mei plasdrasgebieten. Dat lûkt mear greidefûgels oan. Dat Jens dêr it earste aai fûn hat, is in bekroaning op it wurk. Snein wie de lêste dat socht wurde mei.

Jens hat woansdeitemiddei fan lokoboargemaster Marja Reijndorp de oarkonde krigen en it finerslean fan 15 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)