Jenning Huizenga fjirde op WB

19 feb 2011 - 00:39

Jenning Huizenga hat by syn earste dielname oan in wrâldbekerwedstriid sûnt trije jier in fjirde plak helle. De Frjentsjerter koe it op de baan fan Manchester yn de striid om de brûnzen medalje op de yndividuele achterfolging net oprêde tsjin Marc Ryan fan Nij-Seelân. Ryan wie nei 4 kilometer krapoan twaenheale sekonde rapper.

It goud wie foar de Australiër Rohan Dennis. Hy wûn de finale fan de Brit Geraint Thomas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)