Jelte wint Liet Lavlut net

18 okt 2008 - 21:24
  • Jacques Culioli (foto's Sandro Weltin)
  • Jelte Posthumus op it poadium yn Lulea

Jelte Posthumus en syn band Pilatus Pas hawwe sneon net it minderheidstaalsjongfestival Liet Ynternasjonaal wûn. Hy einige op in dield sechde plak. De haadpriis yn it Noard-Sweedske Lulea gie nei Jacques Culioli fan Korsika.

Hy krige ek de publykspriis dêr't foar stimd wurde koe op ynternet en mei sms. Twa sjueryleden joegen Jelte en syn band wol it maksimum fan tolve punten, mar dat wie net genôch. It festival waard foar de 5e kear holden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)