Jelmer boppe-op Mont Ventoux

06 sep 2013 - 15:12
  • Jelmer Kleefstra op syn handbike

HandbikerJelmer Kleefstra út Noardburgum hat de top fan de Mont Ventoux yn Frankryk helle. De 16-jierrige Jelmer die mei oan de aksje Groot verzet tegen kanker. Fiiftûzen euro hat er byinoar helle oan sponsorjild.

Jelmer hat in spiersykte en gie dêrom de berch net omheech mei in gewoane fyts, mar mei in handbike. Goed 3,5 oere hat er deroer dien. Benammen de lêste pear hûndert meter wiene neffens Kleefstra dreech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)