Jelmar Mol wint ferkiezing moedichste Fries

27 des 2014 - 08:23
  • It driuwsân yn De Gordyk

Jelmar Mol fan De Gordyk is de moedichste minske fan Fryslân yn 2014. Dat is de útkomst fan in ferkiezing dy't it programma EenVandaag hâlden hat yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Mol (26) hat op 3 novimber yn syn wenplak in jonkje fan fiif jier út it driuwsân rêden. It jonkje siet oan it boarst ta fêst yn it gebiet de Groene Long op De Gordyk.

Op it twadde plak stiet bioboer Thom de Groot, fanwege syn striid tsjin it ferplichte earmerken fan kij. De bruorren Anker binne tredde wurden, mei harren striid tsjin libbenslange finzenisstraffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)