Jellesma is bêste grienteboer

16 sep 2003 - 00:00

Jellesma yn Sint Nyk is de bêste grienteboer fan Nederlân. Syn farskspesjaalsaak is as bêste keazen op in byienkomst fan de oerkoepeljende organisaasje fan grienteboeren yn Rotterdam. Jellesma krige de priis fanwegen de farskheid fan de produkten en it ûndernimmerskip fan de eigners.

Yn de winkel fan Jellesma kinne klanten neist griente ek bôle en fleis keapje. Yn eardere kompetysjes yn 1998 en 2000 waard Jellesma hieltyd twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)