Jelle Talsma wint op De Lemmer

17 aug 2012 - 16:12
  • IFKS

De Jonge Jan fan skipper Jelle Talsma kaam freed as earste oer de finish. Twadde waard Walter de Vries. De Ut en Thús fan Henk Regts wie de nûmer trije, mar hat noch in protest tsjin Geale Tadema.

De úteinlike start fan de wedstryd liet lang op him wachtsje. Nei in massale falske start en in ôfblaasde start wie de tredde start foar Jelle Talsma. Hy bleau oanslutend de hiele wedstryd oan kop. Mei dizze útslach wurdt de finale moarn op De Lemmer in spannende wedstriid. Yn it algemien klassemint stiet Brundel op kop mei 10,8 punten.

Hy wurdt folge troch Jelle Talsma mei 14,8 punten. Dy punten binne noch wol ôfhinklik fan hoe't it protest tsjin Regts ôfrint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)