Jelle Bangma: Beslút Marne kolleezje oer Frysk is "absurd"

25 aug 2015 - 14:37

Absurd. Dat is wat Jelle Bangma fynt fan it beslút fan it Marne kolleezje om fan dit skoaljier ôf net langer it fak Frysk oan te bieden. De adviseur Meartaligheid fan Cedin begrypt net dat de Boalserter skoalle foar fuortset ûnderwiis it fak Frysk net langer op it roaster set. Neffens Bangma wurdt dêrtroch wurke oan de ôfbraak fan de Fryske taal.

Bangma ropt âlden fan bern dy't op it Marne kolleezje sitte op, om yn ferset te kommen. Yn plak fan Fryske les krije bern yn de earste klasse tenei in 'Fryske projektwike'.

Jelle Bangma neamt in Fryske wike "in tige min alternatyf".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)