Jelle B sil optrede yn Yndia

01 jun 2015 - 12:04
  • Jelle B
  • Oankundiging Jelle B op it Holland Meet Mumbai-festival

Sjonger Jelle B fan Wytgaard sil takom wykein nei Yndia om op te treden op it Nederlânsk konsulaat yn Mumbai. It optreden is foar de Nederlânske hannelsdelegaasje mei ûnder oaren premier Mark Rutte, minister Liliane Ploumen en ferskate kopstikken út it bedriuwslibben. Njonken Jelle B hat ek dj Armin van Buren in útnoeging krigen.

It is net de earste kear dat Jelle B nei it bûtenlân giet om te sjongen. Earder hat er by de Nederlânske militêren yn Afganistan west en ferline jier stie er op in poadium yn Chicago.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)