Jehova's sammelje yn Thialf

11 jul 2008 - 15:54
  • tûzenen Jehova's byinoar yn Thialf

Dizze dagen gjin simmeriis yn Thialf, mar psalmen en taspraken oer it leauwe. Tûzenen Jehova's binne de kommende dagen byinoar op it Hearrenfean foar harren jierlikse kongres. Trije dagen lang prate se oer it finen fan betroubere lieding yn harren libben.

De besikers komme út it hiele noarden fan Nederlân. De organisaasje hie rekkene op sa'n 5000 minsken deis, hjoed kamen der op de iepeningsdei fan it kongres al 5400 minsken ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)