Jehova's kappe beammen It Fean

23 jul 2012 - 19:17

Yn 2011 hawwe de Jehova's Getuigen 20 beammen op it Kattebosk op It Hearrenfean kapt. Omwenners wiene der poer op tsjin, mar de gemeente joech dochs in fergunning ôf. Tiisdei tsjinnet de saak foar de Ried fan Steat. De beammen binne kapt om it stik grûn bouryp ferkeapje te kinnen. Der wiene plannen foar de bou fan sân huzen, mar dat is net trochgien. De omwenners sjogge no tsjin in stik braaklizzend terrein oan.

Neffens de beswiermakkers is de fergunning net korrekt motivearre en doge de prosedueres net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)