Jehannes 484 kampioen op hynstekeuring yn Ljouwert

10 jan 2015 - 18:12

It hynder Jehannes 484 is sneon algemien kampioen wurden by de hynstekeuring fan it Frysk Hynstestamboek yn it Ljouwerter WTC. Dat is ferrassend, want Jehannes is debutant op de keuring. Favoryt wie Norbert 444, mar dy is it net wurden. Jehannes is fan heit en soan Boot út Hillegom.

Fokker Nanne Osinga út Boyl hat mei syn hynder Beart 411 de provinsjale priis 'Hynder fan it jier' wûn. Eigeners fan Beart 411 binne de bruorren Van Manen en Rudi Rienstra. Reservekampioen waard ek in jong hynder: Hessel 480.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)