Jeffrey Woortman wer by kennis

30 apr 2013 - 15:57
  • Woortman yn aksje by de races yn Vries

Gersbaanracer Jeffrey Woortman fan Warten is wer by kennis nei in swier ûngelok by in race yn it Dútske Schwarme. Woortman rekke swier ferwûne doe't er yn de finale mei de motor oer de kop sloech. In dokter hat him op de baan reanimearre. Dêrnei is er mei de traumahely nei it sikehûs brocht. Dêr waard er oant tiisdei yn sliep hâlden.

Yn Schwarme diene ek Woortmans broer Raymond en de Fryske racers Jannick de Jong en Theo Pijper mei. Nei de crash fan Woortman waarden de races stillein. Woortman hie 14 dagen earder de iepeningsraces wûn.

Dy wiene yn Vries yn Drinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)