Jeen van den Berg eareboarger

24 des 2004 - 14:24

Reedrider Jeen van den Berg wurdt beneamd ta eareboarger fan de gemeente Hearrenfean. Hy kriget dy ûnderskieding foar syn jierrenlange ynset foar it reedriden en it skeelerjen.

De 76-jierrige Jeen van den Berg wûn ûnder mear in Alvestêdetocht. Ein jierren sechtich wie er ien fan de inisjatyfnimmers fan it maratonriden. Van den Berg kriget de ûnderskieding op de nijjiersresepsje. Hy wurdt de 25e eareboarger fan Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)