Jazzfestival yn Ljouwert

01 apr 2011 - 18:24
  • Jazzartyst Charlie Parker

Jazzleafhawwers kinne op 4 juny harren hert ophelje. Dan is der yn Ljouwert nammentlik in nij jazzfestival. Tolve hoarekagelegenheden jouwe in poadium oan ferskate pleatslike bands. Op it haadpoadium op it Gouverneursplein sille profesjonele jazzbands te sjen wêze. Muzykskoalle Parnas kriget ek in eigen plakje.

It festival wurdt organisearre troch de stifting Leeuwarder City Jam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)