Jasper van Olst wint rin

10 okt 2009 - 17:21

Fries om utens Jasper van Olst hat sneon de seis kilometer lange Woutersberchjerin yn Oranjewâld op syn namme skreaun. Hy hie op de finish acht tellen foarsprong op de Feanster John Nagelhout.

Jos van Barneveld ek fan It Hearrenfean waard op twa minuten tredde. Geke Venema út Easterlittens wûn de striid by de froulju. Op 28 sekonden waard Silvia Brouwer fan Aldskoat twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)