Jasper S. tongersdei foarlaat

22 nov 2012 - 09:44
  • Jasper S. wurdt binnenbrocht

De 45-jierrige fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra wurdt aanst om tolve oere foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy sil dan beslute oer oft Jasper S. yn foararrest bliuwt en hoe lang. S. waard sneintejûn op syn pleats oanhâlden neidat it DNA dat hy ôfstien hie yn it moardûndersyk, oerien blykte te kommen mei it diederspoar.

De rjochter-kommissaris beslút ek oft er noch langer yn beheining sitten bliuwe moat. No mei S. allinne mar kontakt hawwe mei syn advokaat Jan Vlug. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)