Jasper S. fertelt oer de nacht

28 mrt 2013 - 10:17
  • Bauke Vaatstra by de rjochtbank yn Ljouwert

De fertochte Jasper S. fertelde tongersdeitemoarn oer wat er yn de nacht fan 1 maaie 1999 bard is. Hy wie in lette melker en wie dy jûns alve oere klear. Jasper sliepte dy nacht net by syn frou mar ûnder, omdat der in ko kealje moast.
Jasper wie dêrtroch al nachtenlang yn tou.

Tusken 01.30 en 02.00 oere is er nei de stâl gien, mar dêr wie alles noch rêstich. Hy is doe op 'e fyts stapt, mar wit net mear hokker rûte hy fytst is.

De rjochtsaak is fia ús twitter-akkount de hiele dei te folgjen: @RedOmropFryslan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)