Jasper S: "Do bist foar my!"

28 mrt 2013 - 10:27

Jasper S. ferklearre foar de rjochtbank dat hy by it sjen fan Marianne Vaatstra yn in flits tocht: "Do bist foar my." Hy wit no noch net wêr't dat weikaam.

Jasper S. wie oan it fytsen, omdat it in tizeboel yn syn holle wie. Marianne Vaatstra koe him net. "Wa bistû", sei se tsjin him doe't hy har ynhelle en neist har kaam te fytsen. Jasper S. ferklearre dat hy seks mei har ha woe. Hy luts har fan 'e fyts mei de hân op har mûle. Marianne woe fuortdrave, mar Jasper hie har jas beet. Yn in refleks pakte hy mei syn oare hân it bûsmes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)