Jarretank tsjin gevel wenhûs

13 sep 2012 - 10:07

In grutte jarretank is tongerdeitemoarn yn Arum tsjin de gevel fan in hûs oan riden. De tank wie lossketten fan de trekker en tsjin de muorre oanriden. It hûs stiet oan de Skoallesingel. Der is gjinien by ferwûne rekke by it ûngelok.

Guon doarpsbewenners binne nei de earste skrik lulk wurden. Se hawwe harren nocht fan alle frachtauto- en lânbouferkear dat fierste hurd troch it sintrum rydt. Dit ûngelok komt troch in technysk maleur. De trekheak wie ôfbrutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)