Jaring de Groot wint rin

02 mrt 2008 - 14:54
  • Martin Ketellapper wûn de 30 km

De rin Ljouwert-Goutum-Ljouwert is sneintemoarn wûn troch Jaring_de_Groot fan Burgum. Hy rûn de tsien Ingelske milen, dat is 16 kilometer, yn ien oere en trije minuten. Twad waard Ljouwerter Geart_Sierd_van_der_Zee yn 1.05.

Ritske_Flootman fan Menaam einige as tredde yn ek ien oere en fiif minuten. Der wie ek in wedstriid oer 30 kilometer. Dy waard wûn troch Martin_Ketellapper yn ien oere en 53 minuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)