Jappie 'Omleiding' ferstoarn

21 sep 2010 - 09:54

De bekende yllegale kroechbaas Jappie 'omleiding' Broersma is fannacht stoarn. Dat barde op it Bûtenfjild yn Feanwâlden. De man rekke yn it wetter nei't er in hertstilstân hân hie.

Famylje hat befestige dat it om de kroechbaas Jappie 'Omleiding' Broersma giet. De Feanwâldster krige bekendheid troch optredens yn TV-programma's Hea en Man Bijt Hond. Yn it Bûtenfjild hie Broersma yn syn ark in kroech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)