Japicx-útstalling útwreide

11 jul 2003 - 00:00

De útstalling yn it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert is útwreide mei in Rymlerye en lieten fan de Fryske dichter út de 17e ieu. De besiker kin no net allinnich syn wurk besjen, mar der ek nei lústerje.

Inkelde lieten binne op muzyk setten en songen troch Tetsje van der Kooi en Siebren Kramer. De Rymlerye út 1681 is skonken troch frou Brandsma. It boek wie fan har heit, dy't promovearre op in proefskrift oer Gysbert Japicx.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)