Japanske bydrage betinkingsdei

20 apr 2005 - 15:20

In fertsjintwurdiger fan de Japanske kardinaal Shirayanagi wurket op 7 maaie mei oan in oekumenyske betinkingsdei yn Dokkum. De Japanner, pater Fukamizu, sprekt by in gebedstsjinst in boadskip fan de kardinaal út. Dy soe earst sels komme, mar hat ôfsein fanwege sykte.

By de betinkingsdei wurdt ferjouwing frege foar konflikten út it ferline. De Japanske kardinaal wie útnoege omdat er in wichtige rol spile hat yn de fersoening tusken Nederlân en Japan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)