Japans ûndersyk yn alve stêden

30 aug 2011 - 20:57

Undersiker Takeshi Ito fan de universiteit fan Tokio docht nije wike mei 2 meiwurkers en 6 studinten opnij ûndersyk nei de histoaryske ûntwikkeling fan de Fryske alve stêden. It is it tredde jier dat de ûndersikers yn Fryslân binne. Dit jier gean se nei Boalsert en Dokkum. Neist de Fryske stêden docht it team fan Ito ek ûndersyk nei de ûntwikkeling fan tal fan oare stêden op de wrâld. Op in grut ynternasjonaal kongres wurdt it ûndersyk presinteard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)