Janzenútstalling Easterbierrum

10 aug 2011 - 14:44

Der komt in oersjoch-útstalling fan it wurk fan keunstner en keatser Sjoerd Dirk Janzen yn de pleats dêr't hy berne is yn Easterbierrum. De iepening is op snein 21 augustus. Dan is it fiif jier lyn dat Janzen ferstoar.

Keunstner en widdo fan Sjoerd Janzen, Suzanne Janzen-Dittler, hat mei keunsthistorikus Rients Kooistra ek in soad ûnbekend lytser wurk selektearre. Ien grutte tekening komt boppe it alter fan de tsjerke yn it doarp. It giet dan om it stik 'Das Abendmahl'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)