Jansma woe wol meidwaan

24 feb 2010 - 10:48

Bobslider Sybren_Jansma fan De Pein is it net iens mei it beslút om net mei te dwaan oan de Olympyske wedstriden fan dit wykein.

Dat falt op te meitsjen út wurden fan bûnscoach Tom de la Hunty. Dy seit dat Jansma en Timothy Beck wol slydzje woene, mar dat Edwin van Calker en syn broer net woene. Edwin van Calker is ek de piloat fan de slide. Beide soene benaud wêze foar de drege baan yn Vancouver.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)