Jansma Olympysk ambassadeur

11 maaie 2009 - 19:03
  • Sybren Jansma Olympysk ambassadeur

Sybren Jansma fan De Pein, lid fan it Olympysk bobslydteam is troch it Olympysk komitee NOC-NSF beneamd ta ambassadeur foar de Olympyske Winterspelen fan 2010. De ambassadeurs binne de fertsjintwurdigers fan de Olympyske sporters, mar ek it earste oansprekpunt foar de oare sporters.

Jansma is ien fan de seis oanwiisde ambassadeurs. Reedrider Erben Wennemars en snowboardster Nicolien Sauerbreij wiene by de foarige Olympyske Spelen ek al ambassadeur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)