Jansma noch net wis fan Sotsji

14 des 2013 - 14:13
  • Sybren Jansma

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein is der noch altyd net yn slagge om him mei stjoerman Edwin van Calker te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen yn Sotsji. Jansma en Van Calker einigen freed by de wrâldbekerwedstriid yn Lake Placid as santjinde yn de twamansbob. Foar Olympyske nominaasje is in plak yn de top 10 nedich. De winst yn Lake Placid gong nei de Amerikaan Steven Holcomb.

Sneon komme Jansma en Van Calker opnij yn aksje yn de twamansbob yn Lake Placid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)