Jansma net yn fjouwermansbob

08 nov 2012 - 22:42
  • Sybren Jansma

Bobslider Sybren Jansma fan De Pein komt by de start fan it wrâldbekerseizoen yn it Amerikaanske Lake Placid dit wykein allinnich yn de twamansbob yn aksje. De remmer fan it team fan Edwin van Calker moat noch foarsichtich oan dwaan yn ferbân mei in blessuere dy't hy hie oan de rêch en it skouder. De fjouwermansbob bestiet njonken Edwin van Calker út Arnold van Calker, Jeroen Piek en Yannick Greiner.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)