Jansma hat te waarme izers

30 jan 2011 - 16:53

De fjouwermansbob, mei ûnder oare Sybren Jansma, is snein op de wrâldbekerwedstriid yn Sankt Moritz diskwalifisearre. De izers fan de slide wiene te waarm en dat mei net. De beskerming tsjin de sinne wurke net genôch om it izer kâld te hâlden. Ek oare sliden koene om dizze reden net meidwaan.

Sneon einige de twamansbob mei Jansma en Van Calker op it sechtjinde plak. Takom wike is der in wedstriid op de Olympyske baan fan Turijn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)