Jansma en Piek 18e yn bob

15 jan 2012 - 17:53
  • Sybren Jansma

By de fyfde wrâldbekerwedstriid bobslydzjen yn it Dútske Königssee is de fjouwermansbob mei Sybren Jansma en Jeroen Piek snein op it achttjinde plak einige. In teloarstellende prestaasje nei it sânde plak yn Altenberg fan ferline wike. Sybren Jansma fan De Pein moast nei de earste ôfdaling opjaan fanwege in blessuere. Dy rûn hy op by de start, doe't de triuwstange net ynklapte.

Sneon kaam Jansma ek al yn aksje mei de twamansbob. Doe einige hy tegearre mei stjoerman Edwin van Calker op in alfde plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)