Jansen net tsjin Excelsior

05 nov 2009 - 13:16
  • Rudy Jansen is blessearre en kin net meidwaan tsjin Excelsior

SC Cambuur-oanfierder Rudy Jansen moat de wedstriid tsjin Excelsior oan him foarby gean litte. Hy hat lêst fan it ankel dêr't hy koartlyn oan opereard is. Jansen moat in wike rêst hâlde.

Trainer Stanley Menzo mist fierder Kevin Diaz (ferline wike ek blessearre) en Danny Guijt (skorst). Dêr stiet tsjinoer dat Nuelson Wau en Randy Rustenberg wer fit binne. Nei alle gedachten steane sy ek yn de basis freedtejûn. It Cambuur-stadion is sa goed as útferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)