Jansen liedt fúzje noardlike KfK

07 sep 2006 - 06:32

Direkteur Eric Jansen fan de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert sil de fúzje tusken de trije noardlike Keamers fan Keaphannel liede. Op 1 jannewaris 2008 moatte de Keamers fan Fryslân, Grinslân en Drinte fusearre wêze, om't lanlik it tal Keamers fan Keaphannel werombrocht wurdt fan 21 nei tolve.

Jansen wurdt nei de fúzje nei alle gedachten ek de direkteur fan dy nije noardlike Keamer fan Keaphannel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)