Jans wol winne fan Feyenoord

05 maaie 2012 - 12:36

Sportklup Hearrenfean spilet sneintemiddei de lêste reguliere kompetysjewedstriid fan it seizoen. Yn it Abe Lenstra stadion is Feyenoord de tsjinstanner. Sûnt woansdeitejûn is ien ding dúdlik: Ajax is de kampioen. Mar hoe komt it mei de plakken dêrachter? Feyenoord is no de nûmer twa, PSV stiet tredde en Hearrenfean fjirde. It ferhaal is bekend: by winst of ferlies is de ploech fan trainer Ron Jans wis fan Europeesk fuotbal takom seizoen. By in lyk spul en winst fan PSV en AZ moatte de Feansters neikompetysje spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)