Jans tefreden oer 'Portugal'

15 jan 2012 - 17:15

Trainer Ron Jans fan SC Hearrenfean sjocht tefreden werom op it trainingskamp yn Portugal. Jans moast de earste oefenwedstriid tsjin Bayer Leverkusen misse fanwege famyljeomstannichheden. By de twadde wedstriid sneon tsjin Hannover siet er wer op de bank. Beide partijen wisten de Feansters te winnen.

Jans is benammen te sprekken oer de jonge talinten binnen de klup, dy't tidens de oefenwedstriden de kâns krigen om har te bewizen. Hy ferwachtet lykwols net dat se meikoarten al har entree meitsje sille yn it earste alvetal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)