Jans moat 500 euro betelje

09 mrt 2009 - 18:43
  • Skiedrjochter Wegereef stjoert Jans nei de tribune (foto Martin de Jong)

Trainer Ron Jans fan FC Grins moat 500 euro betelje foar it fuorttraapjen fan de bal yn de wedstriid tsjin Sportklup Hearrenfean ôfrûne sneon. Ek hat er ien wedstriid skorsing ûnder betingst krigen fan it fuotbalbûn.

De FC Grins trainer wie frustearre omdat skiedsrjochter Wegereef twa spilers fan FC Grins fan it fjild stjoerde. Hy skopte de bal yn de einfaze fan de wedstriid fuort. Hearrenfean wûn de wedstriid yn it Abe Lenstra stadion úteinlik mei 2-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)