Jans mist trije basisspilers

09 mrt 2012 - 12:04

SC Hearrenfean mist sneon yn it kompetysjetreffen mei Excelsior trije basisspilers. Daryl Janmaat (knibbel), Viktor Elm (siik) en Michel Breuer (ljisk) binne net beskikber. Geert Arend Roorda begjint dêrtroch foar de twadde kear dit seizoen yn de basis. Ek foar Doke Schmidt en Arnold Kruiswijk is der in basisplak.

Oussama Assaidi set foar it earst sûnt desimber wer útein yn de basis. Ron Jans jout de foarkar oan de Marokkaansk ynternasjonal boppe Rajiv van La Parra. Middenfjilder Sven Kums keart werom fan in skorsing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)