Jans: 'goed evaluaasjepetear'

31 maaie 2011 - 14:36

SC Hearrenfeantrainer Ron Jans fynt dat er in goed evaluaasjepetear hân hat mei de direksje. It petear begûn om ien oere tiisdeitemiddei en duorre in goed oere. Wat der krekt bepraat is, wol Jans fierder net sizze.

Jans draaide in min seizoen mei SC Hearrenfean mei as einresultaat in tolfde plak yn de kompetysje. De lêste tiid is der praat fan dat syn posysje yn gefaar wêze soe. Mar sawol de direksje as Jans sels hawwe dat oant no ta net befestigje wollen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)