Jans feroaret neat foar RKC

18 nov 2011 - 13:33

Trainer Ron Jans feroaret neat oan de basisopstelling foar de wedstriid fan sneon tusken Sportklup Hearrenfean en RKC Waalwyk. Hearrenfean spilet mei deselde alve spilers as yn de lêste wedstriid tsjin Roda JC.

Gerald Sibon heart foar it earst sûnt in moanne wer by de seleksje. Oanfaller Quenten Martinus is blesseard. Ek Arnold Kruiswijk keart nei in blessuere werom by de earste seleksje.

Opstelling: Vandenbussche, Janmaat, Zomer, Gouweleeuw, Breuer, Kums, Elm, Djuricic, Narsingh, Dost en Assaidi.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)