Jannick de Jong wis fan WK

25 sep 2011 - 20:40
  • Jannick de Jong (argyffoto)
  • Jannick de Jong (argyffoto)

Jannick de Jong hat mei oermacht de kwalifikaasje foar it WK fan 2012 op de langbaan wûn. De Gordykster motorkoereur wie yn it Frânske St. Colomb net te hâlden. De Jong wûn ien searje en waard trije kear twadde. Dêrnei wûn er de heale finale en finale.

Dirk Fabriek en Jeffrey Woortman wûnen beide ek in searje, mar hiene fierder in protte maleur. Fabriek waard yn de einstân achtste, Woortman fjirtjinde. De earste sân ha har pleatst foar it WK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)