Jannick de Jong wint Staphorst

02 aug 2008 - 13:37
  • Jannick de Jong (foto Martin de Jong)

Jannick de Jong fan De Gordyk hat freedtejûn de gersbaanraces yn Staphorst wûn. Hy wie oer fjouwer series de bêste yn in ynternasjonaal fjild. Dirk Fabriek fan It Hearrenfean waard twadde.

De organisatoren sieten nei de fjouwer searjes mei de hannen yn it hier, omdat de finale net ferriden wurde koe. De ljochtynstallaasje wie nammentlik útfallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)