Jannick de Jong wint NK

19 jul 2009 - 15:16
  • Jannick de Jong (foto: Martin de Jong)

Jannick de Jong fan De Gordyk hat sneontejûn de wedstriid foar it iepen Nederlânsk kampioenskip speedway yn Veenoord (Drinte) op syn namme skreaun.

De Jong hie wat problemen mei syn motor mar wûn wol de earste heat. Yn de twadde en tredde heat kaam er as twadde oer de finish. By de start fan de finale pakte de Jong in trije meter foarsprong en joech die net mear út hannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)