Jannick de Jong wint De Jouwer

11 maaie 2013 - 21:08

Jannick de Jong hat sneon de gersbaanwedstriid op de Nutsbaan fan De Jouwer wûn. De Gordykster wûn mei oermacht de A-finale. Yn de searjes wie Dirk Fabriek oppermachtich, hy wûn se alle trije. De Jong wûn ien kear en waard twa kear twadde. Yn de A-finale begjinne alle dielnimmers wer op 0. Troch in bêste start wie Jannick de Jong net te hâlden. Op it twadde plak einige Dirk Fabriek. De beide Fryske racers rûnen der in ein út. Yn juny begjint foar har de searje wedstriden om de wrâldtitel. De wedstriid op De Jouwer wie de twadde fan it NK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)