Jannick de Jong tredde op WK langbaan yn Eenrum

16 aug 2015 - 16:38
  • It poadium fan Eenrum
  • Jannick de Jong (2), Erik Riss (47) en dirk Fabriek (94)
  • Theo Pijper mei 115
  • Dirk Fabriek

By de twadde wedstriid om it wrâldkampioenskip langbaan yn Eenrum is Jannick de Jong fan De Gordyk tredde wurden. De wedstriid waard wûn troch Joonas Kylmäkorpi út Finlân. Erik Riss út Dútslân einige as twadde.

Theo Pijper einige as fyfde. Fries om utens Dirk Fabriek ried de heale finale, mar helle de grutte finale net. De oare Fries, Henry van der Steen fan Aldebiltsyl waard al foar de heale finale útskeakele. De striid om it wrâldkampioenskip bestiet út fjouwer wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)